zaterdag 16 juli 2011

Keatswrâld partisipant by World Sport for All Games?


De Ljouwerter Krante kopte sneon 16 july op de foarside mei it nijs dat Fryslân him ynkoarten oanmelde sil as kandidaat om yn 2016 it ynternasjonale sportevenemint World Sport of All Games te organisearjen. It is in sportevenemint dêr’t sa’n 7500 sporters oan meidogge en it giet benammen om demonstraasjes fan sporten dy’t net sa bekend binne en gjin ynternasjonale útstrieling ha.
De provinsje wol foar it ûnderbringen fan sporters, begelieders en belangstellenden ek in berop dwaan op de befolking. Konkrete ideeën dêroer binne der noch net, mar de LC  skriuwt oer it ymprovisaasjetalint yn Fryslân sa as by de Slachtemarathon en de Alvestêdetocht.  Fierderop yn it blêd sprekt Anne Jochum de Vries fan ûndersyksburo Oranjewoud al oer it keatsen as ûnderdiel fan it sportprogramma.



“Mar”,  sa frege ik mei ôf, “lizze hjir net mear kânsen foar de KNKB?”. Soe de KNKB him net aktyf opstelle moatte rjochting de provinsje om te sjen wat hja mei har krapoan 15.000 leden betsjutte kin foar de organisaasje. Want partisipaasje fan de KNKB hoecht fansels net beheind te bliuwen ta in keatsdemonstraasje of it bywenjen fan in offisjele keatspartij. De ferienings soenen har fia de KNKB oanmelde kinne om sporters of gasten in ûnderkommen oan te bieden. Yn Mantgum ha wy dêr al in pear jier ûnderfining mei opdien by it ynternasjonale kuorbalevenemint yn Ljouwert. De pleatslike kuorbalferiening hie op him nommen om ferbliuw te fersoargjen foar in bûtenlâns kuorbalteam en har begelieders. It gie om sa’n 15 persoanen en it slagge elk jier.
Wat ha je dêr no oan? Hear ik roppen. Sa'n fraach is in opgoaier en ienfâldich wêrom te keatsen. Foar de gastgesinnen is it gewoan hartstikke aardich. It is in noflik ûnderbrekken fan de daaglikse gong fan saken en it jout in protte geselligens. Foar de feriening jout it ek “bining” fan sawol de aktive as de minder aktive leden. In grut tal minsken binne dan yn tou en elk docht soks, om dat er dêr aardichheid oan hat. En krekt aardichheid ha om mei inoar wat te dwaan, is foar in feriening ferskrikkelik wichtich. It is it semint, en it ferbân tusken de leden. Leuke dingen mei inoar dwaan is miskyn wol de basis foar in feriening. Fansels krije de gastgesinnen  ek de mooglikheid om mei te gean nei de wedstriden en ek dat jout “bining” mei de sport en de feriening. It soarget foar “moeting” fan leden op in wat oare wize as op it keatsfjild.
Mar der is foar it Bûn noch mear profyt te beheljen. Aktive maatskiplike partisipaasje sil troch de polityk, maatskiplike organisaasjes en sponsoaren fan de KNKB heechlik wurdearre wurde. Je binne yn byld as in sportbûn dy’t fierder tinkt dan allinnich har eigen belang en dy’t ek each hat foar oare sporten en sporters. Soks sil net daliks liede ta gruttere jildstreamen mar it kin it Bûn wol oansjen en achting opleverje. En is acht(ing) net mear as tûzend? De KNKB moat mar ris in bâltsje opsmite by de provinsje.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten