De ambachtsman, de artyst en de gûcheler.
Ferline wike
skille Geart Oostra my, mei de fraach of ik de PC-winners tasprekke woe. Dy
fraach kaam ryklik let want ik bin net immen dy’t soks samar út syn mouwe
skoddet. Twa minúten foar tolve dus. Folle betinktiid koe net lije en yn in
dwaze bui ha ik dêr mar yn tastimt. Troch in lichamelik ûngemak ha ik dit jier foar
it earst sûnt 1985 net op de PC west. En hoewol
ik it wol folge ha fia radio en tv belibje jo sa’n dei dochs oars as
oars. It bliuwt allegear wat op ôfstân. Ik wol it dan ek net ha oer jim
PC-winst, dêr is einliks ek al genôch oer sein en it feroaret it byld dat ik
fan jim ha dochs ek net. Ik ha jim alle trije al sûnt jim jongesjierren keatsen
sjoen, earst foaral by it t.e.l. en de ôfdielingspartijen en letter yn de frije
formaasje. Ek oer jim frije
formaasjepartoer is al genôch skreaun, wat soe ik dêr noch oan tafoegje kinne?
Ik ha my sels dan ek de fraach stelt: ‘Hoe soe ik dy mannen no yn ien wurd
typearje kinne? En wat betsjut dy typearring dan?’ Ik kaam ta de folgjende
trije types: De Ambachtsman, de Artyst en de Gûcheler.
Daniël is foar my
de ambachtsman, Taeke de artyst en Gert-Anne de gûcheler. Om my te ferdjipjen
yn dizze trije ferskillende types ha ik der earst mar ris wat literatuer op nei
slein en dat hat my ynspirearre ta de folgjende beskriuwing. Ik wol begjinne
mei
DE AMBACHTSMAN
Om de ambachtsman
wat better te begripen ha ik it boek DE AMBACHTSMAN bestudearre. It is skreaun
troch de ferneamde sosjolooch Richard Sennett ferbûn oan de New York
University. Dat boek spruts my daliks oan want op de foarside stiet al daliks
in hân. Dochs it wichtichste ark fan in keatser. As je it boek lêze dan kom je ta de konklúzje
dat Sennett foar it beskriuwen fan de ideale ambachtsman Daniël Iseger foar eagen
hân hat. Hy beskriuwt de ambachtsman as immen dy’t slypje moat oan syn feardichheden
en dy’t nei jierren fan hurd wurkjen in spesjalist is op syn terrein. En as ‘r
ien kear sa fier is, dan hat syn wurk ek in soarte fan ‘automatisme’. It liket
as kostet it gjin muoite om elke kear deselde hege kwaliteit te berikken. In
ambachtsman, seit Sennett, wit nei jierrenlange trainings wat er kin en soks
soarget foar fertrouwen en rest. Hy is baas oer de matearje. Sennet hat it hjir
dus gewoan oer Daniël.
Sennett stelt dat
in ambachtsman altiten in goeie ferbining makket tusken hersens- each en hân.
Hy seit letterlik; “Tezamen met het oog en enige lichaamscoördinatie kan de
hand zo veel moois voortbrengen.’ En hy
seit ek dat in ambachtsman altyd foarút tinkt. Hy wit wat er kin en docht wat
er wol. En troch erfaring wit hy wat it resultaat wurde sil.
It bysûndere fan
in ambachtsman is neffens Sennett ek dat je tinke dat je soks sels ek kinne.
Mar it tsjindiel is it gefal. Hjir moast ik daliks tinke oan de opslach fan
Daniël. Syn opslach liket sa ienfâldich, in leek soe sizze: ‘it binne
opgoaiers’. Dochs ha de measte perkspilers der in gloeiende hekel oan. Ik wol
einigje mei in sitaat fan Sennet dat neffens my perfekt past by Daniël: ‘Ambachtelijkheid is meer dan louter
vakmanschap. Het staat voor het verlangen om het werk goed te doen, niet omdat
het moet, maar omdat een ambachtsman altijd streeft naar perfectie.’
DE ARTYST
Yn tsjinstelling
ta de ambachtsman dy’t jierrenlang slypje moat om in hege kwaliteit te berikken
hat de artyst fan jongs af oan in unyk talint. In talint dat al yn de âldheid
troch Plato en Aristoteles yn ferbân brocht waard mei estetika of om yn gewoan
Frysk te sizzen: ‘mei súverheid.’ It wurk fan in artyst hat sa’t it wurd
einliks al seit altyd in artistike wearde. It is moai om nei te sjen, mar it
jout meastentiids mear dan dat, it is net allinnich moai, it is genietsjen. It
wurk fan in artyst hat dan ek altyd te krijen mei emoasje, mei gefoel, mei
freugde en fertriet. Fertaalt nei de artyst dy’t ik yn Taeke herken, is dat it
genietsjen nei it boppe slaan fan in hast ûnmooglike opslach, mar ek dat je
meilibje mei de pine dy’t ‘r ferbite moast doe’t it ferline jier net woe. Mar by
de artyst giet it net allinnich om it boppeslaan op himsels mar foaral oer de
wize wêrop. By Taeke is dat it linige yn de lichemsbeweging, de soepele beweging
fan de earmtakke en de súverens fan de slach. Neffens Plato en Aristoteles estetika
yn optima foama.
By artysten en
keatsers moat ik altyd tinke oan de útspraak fan de legindaryske keatser Wytse
Vlietstra. Hy neamde himsels ’in materialist’ en fûn dat er in min betelle
artyst wie yn it sirkus Rodenhuis. Rodenhuis wie doe Bûnsfoarsitter.
Keatsers en jild.
Dat hat altyd al in bysûndere relaasje west. Doe’t âlde Jan Reitsma ris frege
waard om mei te dwaan oan in merkepartij yn Boazum frege hy 10,-- startjild en
doe’t de timmerman fan it doarp him frege as hy mei him en syn knecht stelle
woe, dy er dat allinnich foar 5,-- de man. En doe’t Reitsma nei ôfrin as kening
de krânse krige, ferkocht er dy oan de timmerbaas foar in ryksdaalder. Artysten
moatte sels de priis stelle om troch de tiid te kommen.
Tsja as Taeke in artyst is, hoe sit it dan mei syn finansjele
stellerij? Wat kin sa’n jonge no freegje foar in optreden? Ik ha ris efkes
googelt op ynternet om te sjen wat oare
artysten freegje. Fan de Hollânske artysten is Marco Borsato de djoerste. Jo
kinne him foar 27.500,-- in heal oerke ynhiere. Guus Meeuwis sjongt foar
20.000,-- mar fersekert jo dêrby fan Brabânske
gesellichheid. Jantje Smit komt foar 14.000,-- en Frans Bauer foar 10.000,--
Wolle jo wat goedkeaper dan komme jo by Dries Roelevink of Bonnie St. Clair
foar 2000,-- mar foar dy leste moat der wol in flesse wyn by. En wolle jo foar
in prikje dan kin je ek Rinus út Liwwadden ynhiere. Hy komt foar 700,-- op syn
scooter en nimt Ramona mei.
Yn dat ljocht
besjoen moat Taeke in fermogen fertsjinje. De hiele simmer elk wykein optredens.
En it bliuwt dan net beheind ta in heal oerke. Nee, de man makket der meastentiids
in show fan dy’t samar 5 oant 6 oeren
duorje kin. Soks moat der finansjeel flink ynklappe. It is dan ek wol hyl
bysûnder dat er fan ‘e jûn foar syn oanwêzigens hielendal neat freget.
Ik wie einliks ek
wol benijd wat de fiskus seit oer de ynkomsten fan artysten. Ik ha dan ek it
boekje ‘artiest en fiscus’ d’r op nei slein. Foar de fiskus is in artyst ‘iedereen die zich op een of andere wijze
creatief uit, zodanig dat dat voor andere mensen te bekijken, te beluisteren en
of te bevoelen is. Hij/zij levert een
artistieke prestatie. En it makket foar de fiskus neat út of je berops of
amateur binne.
Taeke falt
neffens my alhiel binnen dizze definysje en kin dus mar oppasse as it giet om
syn ynkomsten want neffens dit boekje giet it by de belêstingoanjefte fan
artysten noch wolris ferkeard. Of se dogge hielendal gjin oanjefte, of de
boekhâlding ûntbrekt of se jouwe gjin ynkomsten op. Mar dit handige boekje jout
ek tips foar artysten as it giet om ôftrekposten en ik wol Taeke as superartyst
dochs efkes wize op wat mooglikheden. Alderearst de reiskosten. Dy binne
allinnich ôftrekber as it giet om altyd deselde route tusken wenjen en wurk. De
route nei de wedstriden is elk wykein oars dus dat falt of. Mar it hin- en wer
riden nei de trainings kin mei 57ct de km as ôftrekpost meinommen wurde. Net
ûnoantreklik liket my. In oefenromte oan hûs kin opfiert wurde as kostenpost
foar ferwaarming, ljocht en ôfskriuwing
fan ynventaris. De keats- en
trainingsklean en it keatsark, tink oan de keatsmof, binne foar 100% ôftrekber.
In spesjale tarieding fan in meardaagse training kin neffens my skowt wurde
ûnder it kopke stúdzjereis en is dan foar 75% mei te nimmen. Fakliteratuer sa as
De Keatsfreon en De Wis In en ek telefoankosten falle hjir wer net ûnder. Mar
net ûnoantreklik is it dat ferbliuwskosten foar 75% ôftrekber binne. En it is
foar keatsers nuttich om te witten dat by ferbliuwskosten spesifyk konsumpsjes
neamt wurde. Dit hie foar de artysten ûnder de keatsers út earder tiid ek wol
in aardige duit skele kinnen.
Ik bin oer Taeke
begûn mei Plato en de estetika. Ik wol dêr wat him oanbelanget ek mei einigje.
En wol mei in sitaat fan Plato: ‘Schoonheid is zichtbaar geworden liefde’. Ik
fertaal dat dan mar as: ‘Leafde foar de estetika yn de keatserij’.
DE GÛCHELER
Dan komme we no
as lêste by De Gûcheler. Van Dale omskriuwt in gûcheler as immen dy’t wat docht
wêrfan je net begripe hoe’t it kin. In oar wurd foar gûcheler is yllúzjonist.
In gûcheler jout jo de yllúzje dat it allegearre hyl ienfâldich is wat er
docht, mar dochs snappe jo net hoe’t it kin. In gûcheler bringt jo fia
ferwûndering en ferbazing nei ûnbegryp. Stikem fynt in gûcheler it moai om de
taskôger in fertwiveling efter te litten.
Soks jildt ek allegearre foar it opslachwurk fan Gert- Anne.
Tsjinstanners
meitsje har noch wolris de yllúzje dat se in bal fan him reitsje kinne, mar meastentiids
stean se fan ferwûndering en ferbazing mei fol ûnbegryp te sjen wêr’t de bal
bedarre is. Se ha wol in oanloop sjoen mar gjin bal. En ha jim dan wolris
letten op it gesicht fan de gûcheler oan de opslach? Hy hat der súver skik yn
om syn tsjinstanners yn fertwiveling efter te litten.
Om in gûcheler
wat better te begripen ha ik it boek oer de Fryske gûcheler Professor Bergini
der op nei lêzen. De man hite gewoan Ybe van Zandbergen mar hy makke dúdlik dat
it skeelt as je as gûchelers in namme ha
dy’t wat heimsinnich oan docht. Hy makke fan it leste part fan syn namme dan ek
Bergini. Ik soe Gert-Anne dan ek sterk in oerweging jaan wolle om him Bosini te
neamen.
Prof. Bergini
jout oan dat in gûcheltrúk it beste wurket as de taskôger of de persoan wêr’t
in trúk mei úthelle wurdt, net wit wat de gûcheler fan plan is. Dêrtroch witte
se net wêr’t se op lette moatte. Des te
grutter de mate fan ûnfoarspelberens des te grutter it effekt. As we it ha oer
ûnfoarspelberens yn de opslach dan ha we it fansels oer Bosini. As earste wit
allinnich hysels – meastentiids - wêr’t
er de bal bringt, lit stean dat de tsjinstanner him dêr op tariede kin. En foar
de taskôgers is syn opslach faak ien grutte foarm fan optysk bedroch. Troch syn
fingerflugge hânbewegingen ha je gjin idee wêr’t de bal út syn hannen no einliks
bedarret.
It is meskyn net by
elkenien bekend mar ús lân hat in hege namme op te hâlden as it giet oer
wrâldferneamde gûchelers. We hienen yn Fred Kaps immen dy’t meardere kearen
wrâldkampioen gûcheljen wie. Tusken 1955 en 1979 waard hast altiten in
Nederlanner wrâldkampioen gûchelen. Ek dêrnei koe Nederlân goed meikomme en we
ha no yn Hans Klok wer in wrâldferneamde yllúzjonist.
Oer de nijste yllúzjonist
hoege wy net lang nei te tinken. Dat is fansels Bosini. Ik ha begrepen dat er foar folgend jier ek al in nije siswize hat
foar it opslaan fan de earste bal yn de partij. Dat wurdt net langer: ‘ ít giet
oan’, mar ‘hokus pokus pats’.
Spitigernôch kin
ik jim dizze trije boeken NET mei jaan. Ik ha se te lien út de biblioteek, mar
ik ha wol wat oars te lêzen foar jim meinommen. Ut namme fan De Freonen fan it
Keatsmuseum mei ik sawol de earste as
twadde priiswinners fan de ôfrûne PC it jierboek De Keatsfreon oanbiede.
Fansels hopet dizze Freoneklup dat jim yn de takomst ek lid wurde. It
lidmaatskip is net ôftrekber by de belestingen, mar ik ha begrepen dat 15,--
foar in jierslidmaatskip hast it selde is as in rûntsje bier yn de klaaiboks,
en dat lêste mei wol ôflutsen wurde. Dus dat moat altiten slagje.