zaterdag 17 maart 2012

Trije Amearikanen yn 1930 op ‘e list yn De Ryp

It bart net sa faak dat keatsers fan bûten de lânsgrinzen oan keatspartijen yn Fryslân meidogge. Yn de earste twa desennia fan de 20ste ieu wienen der mei regelmaat “ynternasjonale” keatsmoetings en dienen der yn ferskillende gearstallings Belgen mei oan keatspartijen. Ferneamd is yn dat opsicht de PC oerwinning fan 1917 troch de Belgen August van Lierde, Emile Hoyois en George Herphelin.
Mar trije Amearikanen dy’t oan in keatspartij meidogge en dan ek noch wol op in ôfdielingspartij dat is by myn witten mar ien kear fertoand. It barde op snein 13 juny 1930 yn De Ryp. “Het was een kalme Zondag op kaatsgebied gisteren, geen enkele groote wedstrijd; hiervan maakte “Sjirk de Wal” gebruik om een wedstrijd van afdeelingsparturen in te leggen. De slechte weersomstandigheden van daags te voren hadden plaats gemaakt voor uitstekende kaatsweer, dus kon een goede wedstrijd worden verwacht, ook omdat de lijst vele goede parturen bevatte.” http://tinyurl.com/7qvl25m
Der stienen 15 partoer op ‘e list mei sterke dielnimmers út Bitgum, Ljouwert, Huzum, Dokkum, St, Jacob, Wytmarsum, en Harns. Alle toppers út dy tiid dienen mei. En dan stie dêr sa mar in partoer tusken mei IJ. Smid, T. de Jong en H. Joustra út Paterson yn Amearika. Hja wienen lid fan keatsferiening U.T.Y.  dat betsjutte “Untspanning Troch Ynspanning”. De mannen koenen it net risse tsjin C. Tijssen, D. Ganzinga en H. Park fan de organisearjende feriening. De LC skriuwt: “De internationalisten uit Paterson zijn niet in staat het te bolwerken. Zij zijn allen van Friesch origine en hunne deelname zal meer als een attractie zijn bedoeld. In vroeger jaren was o.a. Smid, afkomstig uit Dronrijp een zeer goed speler. De tegenstanders zijn op eigen terrein de baas en gunnen de Amerikanen niet meer dan een 1 spel.”.
It wie net de ienichste keatspartij dêr’t de “Amearikanen” har dat fearnsjier sjen lieten. Want ek yn Mantgum, Wiuwert, Britswert, Itens, Bitgum en sels Aldebiltsyl stienen de mannen út Paterson op ‘e list. De Jong wûn sels yn Itens, Britswert en Aldebiltsyl in priis. Yn Mantgum stelden se mei-inoar de prizen beskikber foar in jongespartij. En foar in senioarepartij skonk de emigrant M. Fransbergen sels fjirtich gûne.  http://tinyurl.com/6mamm8o
Dizze Fryske emigranten lieten har yn 1928 fotografearje nei ôfrin fan har jierlikse keatswedstriid yn Rochester.  Links it partoer út Paterson mei Theunis de Jong, Lou Zijlstra en Sam Riemersma. It rjochter partoer mei Sibolt de Jong, Freerk Taconis en Bertus de Wolf kaam út Rochester. Yn it midden Pier Meintema mei medalje.
Foto: http://www.tresoar.nl/

It keatsen libbe yn Paterson. Yn de LC fan 23-6-1930 http://tinyurl.com/7ssawbu  stiet in ferslach fan in keatspartij yn Paterson. Der kamen mar leafst 75 dielnimmers op of. En it is ek bekend dat de keatsferienings fan Rochester en Paterson yn dy tiid elk jier in kear yn beide plakken tsjin  elkoar keatsten. Doe’t in Amerikaanske sjoernalist dy’t it spultsje fansels nea earder sjoen hie, dêr in ferslach fan makke skriuwde hy dat dizze sport “kear um bliksum” neamt waard. It is dêrmei dúdlik dat ek de keatstaal mei ferhuze nei “It lân fan dream en winsken”.
De Fryske Amearikanen gienen mei in opmerklike keatspriis wêrom nei Paterson. Hja lieten by Juwelier Bolman yn Ljouwert in sulveren wikselpriis meitsje. De priis bestie út in skyld mei in keatser en in tillegraaf en ûnder it skyld in lytse sulveren keatsbal. It gehiel moat blykber de muoite wurdich west ha want Bolman prizige yn in advertinsje sels oan dat it yn syn etalaazje te besjen wie. http://tinyurl.com/7l55kj5


Geen opmerkingen:

Een reactie posten