donderdag 2 juni 2011

In frisse bal

Yn it gasteboek fan de webside kaatsen.nl is de al in pear jier geande diskusje oer de takomst fan it keatsen wer oprakele. In tal aspekten passearje yn dy diskusje op ‘e nij de revu. It giet ûnder oare oer de emoasjes en it skynber oars belibjen fan it spul troch de keatsers, de ôfnimmende belangstelling fan it tal taskôgers, de iensidichheid fan it spul troch direkte winst, de lingte fan de partijen ensafuorthinne. Sa as yn de header fan dizze BLOG oankundige wol ik “de diskusje oer de aktualiteit fan it keatsen net út de wei gean” en jou hjir myn fisy.
Yn dy hiele diskusje is neffens my “de Belgyske mof” it fertrekpunt. Tsjinstanners fan dy mof argumintearje dat dêrtroch it spul net allinnich feroare is, mar ek syn oarspronklike oantreklikheid ferlern hat. In oantreklikheid dy’t neffens dizze tsjinstanners leit yn it tuskenspul, yn it taktysk foarbyslaan fan in keats, yn it dellizzen fan in bal troch de hoeke.  Yn sa’n spul mei taktysk keatsen en mear tuskenspul komme ek mear emoasjes los dan by in spul dat basearre is op direkte winst. In spul mei emoasjes, mei inoar mûnling útdaagjende spilers is oantrekliker foar it publyk dan wat guon ûndergean as de hjoeddeiske tsjerkhôf stimming.  It belibjen, it ûndergean, it opdwaan fan in ûnderfining binne aspekten dy’t minsken nei in museum, nei in pretpark mar ek nei in sport ta lûke. In sport mei in begraffenisstimming is foar de dea opskreaun.
Ik kin yn de ynhâldlike kant fan de diskusje in ein meigean yn it stânpunt fan Gerrit Lettinga. Hy wurdt troch guon ferwiten dat er negatyf wêze soe.  Hy hat in polemyske styl en komt mooglik ferbittere oer. Mar fersjoch jim net op syn keatshert!  Hy is in grut keatsleafhawwer, in romantikus dy’t pasjonearre is troch keatsers dy’t belibbing útstriele. (Lês syn boek: “Kaatsen, meer dan kaatsen. De Haantsjes fan Holwert”. ) Lettinga wol meikeatse, partij kieze, emoasje fiele en heal om heal mei de smoar yn thúskomme as SYN favorite partoer ferlern hat. Ik fiel dat mei him mei, wol ek meikeatse en sjoch ek leaver in bal troch de hoeke dellein dan in keats fan trije meter dy’t oer alles hinne reage wurdt. Krekt as Lettinga wol ik ek meigenietsje fan it útdaagjen fan de tsjinstanner en fan in opskerpjende kwinkslach nei in moaie triktrak. Net foar neat ha ik syn alles sizzende “kaatsen, meer dan kaatsen”  mear as ien kear sitearre. Keatsen, is mear as keatsen!
Mar, sa freegje ik mei wolris ôf, is de diskusje oer it hjoeddeiske keatsen net in diskusje tusken doe en no, tusken wat is en wat west hat? Is it net de honger fan myn generaasje nei de tiid fan Tamme Velstra, (“Hé daar!”), Flip Soolsma, De Van Wierens, Piet Jetze, De Brand etc.? Is it net langstme nei in tiid dêr’t by in bytsje haadklasse partij 1000 oant 1500 man in normale saak wie? Binne it de tinzen oan  tribúnes grotfol minsken op in Bûnspartij?
Mei boppesteande fragen yn de efterholle wykt myn stânpunt ôf fan dyjinge dy’t de Belgyske mof der út ha wolle en ferwachtsje dat dêrmei it keatsen syn oantreklikheid werom kriget en wer in libben spektakel wurdt dêr’t minsken op ôf komme.  As dat wier wêze soe, dan moat it moarn barre, mar ik ha dêr myn fraachtekens by. De jonge generaasje keatsers hat neat mei Tamme, Flip en Wiep. It binne foar harren deselde nammen as yn myn jonge jierren Ids Jousma en Klaas Kuiken. In ferline mei oare nammen, mei  in oare foarm fan keatsen, mei in oar belibjen fan it spul.  
De Belgyske mof hoecht der om my dan ek net út, mar der moat wol eksperimintearre wurde om de oantreklikheid fan it spul werom te krijen. In oantreklikheid dy’t foar my leit yn it “tuskenspul”. Krekt as je by tennis genietsje fan in rally moat yn it keatsen it tuskenspul werom komme. Dat kin ek mei it behâld fan de Belgyske mof. Yn 2006 hâlde Tjalling van den Berg op in diskusjejûn yn de Tulip Inn al in waarm pleidoai foar eksperiminten mei in oare bal. In bal dy’t wat grutter en minder massyf wêze moast. In bal dy’t troch syn massa net sa maklik “oer alles hinne giet” en dêrtroch it tuskenspul befoardert. Sa’n bal stiet noch altiten op it ferlanglistje fan Tjalling en no’t hy yn de posysje is om dêr werklik wat oan te dwaan, moat it ek barre. Wat my oanbelanget leaver moarn dan juster. Noch dit jier in eksperimintele haadklasse partij mei gruttere ballen?  Yn 2013 ynfier fan in keatsbal dy’t krekt sa’n ynfloed ha sil op it spul as de Belgyske mof? In ynfloed rjochting mear tuskenspul, nei mear ynteraksje tusken spilers, nei mear minsken om de linen, nei keatsen dat mear as keatsen is?

2 opmerkingen:

  1. Goejûn Theo,

    Dit is in hiele aardige diskusje, dy't yndied al jierren geande is en ek altyd wol geande bliuwe sil. Ik leau net dat de nap ferdwine moat, ik leau al, dat de keatsers keatse moatte mei de want dy't se keure litten ha en net mei de kneppel dy't se wykeins yn'e tas ha, want sa maklik lit de kommisje him dus ferkatse... Fierder soe ik noch wol ien en oar sizze wolle en kinne oer it keatsen fan no, mar ik leau, ik soe De Brand dan sa'n bytsje neiprate. Simpelwei, om't ik it mei in soad fan syn punten wol iens bin. Hy wurdt deaswijd troch de knkb en is dêr frustreard oer. Dochs soene se syn punten ris serieus nimme moatte, der sit grif wat yn. Dat earst mar ris en dan sjen nei de bal. Ferjit net; de pelotebal is ek grutter en hat mear massa, mar se slane der twa kear sa fier mei...

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Ja, dwaan dat eksperiment!

    BeantwoordenVerwijderen