zondag 22 januari 2012

Rients Gratama tachtich

Tiisdei 23 jannewaris wurdt Rients Gratama 80 jier. In leeftyd wêrby de measte minsken it ark fan it deistich wurk al lang dellein ha. Of om yn keatstermen te bliuwen, de mof hinget dan by de measten al yn de wylgen. Sa net by ús Rients. Noch dizze moanne brocht er mei syn libbensgesel Carla van der Heijde in berneboekje út “Hein en syn Hin”.  It is in prachtich foarbyld fan it multytalint dat Rients is. Op syn webside www.rientsgratama.nl neamt er himsels: “cabaratier, acteur, schrijver, dichter, presentator.”
Mar Rients is ek keatser. Fansels net sa’n grutten dy’t rom en gloarje by inoar slein hat op Freule, PC of Bûnspartijen. Mar elkenien dy’t keatst (hat) en him keatser fielt, is keatser. En sa is it ek mei Rients. Yn syn jeugd hat er folop keatst en meidien oan de Freule. Yn De Keatsfreon fan 2005 seit er dêr oer yn in ynterview mei Baukje Wytsma: “Doe’t ik op 11 augustus 1948 meikeatste op de Freulepartij yn Wommels, wie dat foar my ek in belevenis, ek al rekken wy der yn de twadde omloop ôf. Wy wiene kânshawwers, mar ferlearen fan Berltsum as it my net mist. Reduzum wûn de partij, mei lytse Uilke Tolsma as balkearder. Soks ferjitst noait wer.”
Keatsen as teater, it Sjûkelân as skouboarch. In reden werom Rients hast nea yn Frjentsjer ûntbrekt op de jierlikse heechtij dei fan it keatsen. Net yn de pommeranten tribune, nee gewoan op de earste rige fan de banken rûn it fjild. Dêr tusken syn eigen folk fan mannen mei platte pet en froulju  mei kofje en broadsjes fielt er him thús. Rients is dan Rients en as de pûde mei King pipermuntsjes rûn giet, dielt er like hurd mei as elkenien.
Op de site www.kaatshistorie.nl fûn ik bygeande foto. It is Rients mei Hilbert Dijkstra en Dirk Yde Sjaarda. Hja dienen mei yn de revu by it 100 jierrich bestean fan de KNKB yn 1997. As promoasje spilen sy in partijtsje tsjin de âlde keatskrigers Hotze Schuil, Aebe Haima en Frans Helfrich. Ik wit net as Rients yn 2009 ek op de PC west hat, mar it hie fansels prachtich west as hy op dy dei tsjûge west hat fan de twadde priis dy’t Dirk Yde dat jier behelle op de PC.
It is te hoopjen dat we Rients noch faak sjen meie op de keatsbanken en dat er him noch  in moai oantal jierren keatser neame kin.

zaterdag 31 december 2011

Ferbining tusken wurd en byld

Doe’t de keatsende toanielspiler Romke Toering yn ‘91 oan syn tachtichjierrige heit frege oft er nei it keatsen west hie, krige er as antwurd dat soks net mear hoegde want hy hie foar de radio sitten en “seach de ballen gewoan stuitsjen”. Ik ha de leste pear dagen faak oan dy útspraak fan Jaap Toering tocht. 

Dat hie yn myn gefal neat te krijen mei lûdsrapportaazjes mar mei it lêzen fan kranteferslaggen oer keatspartijen. In goed skreaun ferslach of ferhaal jout romte oan de ferbylding, skinkt machtige fiergesichten. Yn guon kranteferslaggen oer keatspartijen sjogge je Hotze Schuil mei it fingerke omheech nei de tsjinstanner wizen en hearre it hege nasale lûd fan Flip Soolsma. In prachtige skildering fan de aparte oanrin fan Ruurdt Rutten of Hendrik Sweering. Jurjen Dijkstra dy’t syn bûsdoek mar wer ris út de kontbûse hellet en Johan Halbesma dy’t mei “wa’t suust dou je” in boppeslach begeliedet. It binne bylden dy’t fêstlizze op de hurde skiif fan myn keatsgeheugen. Mar soms moatte dy bylden blykber wer ta libben brocht wurde.
Doe’t ik yn de ôfrûne wike foar de webside www.kaatshistorie.nl links oanbrocht tusken foto’s fan de PC en de ferslaggen yn de Ljouwerter Krante kaam dy ferbylding wer oan ‘e macht. Ik belibbe op ‘e nij de machteleazens fan Koos Veltman doe’t er mei in folle telegraaf op de PC fan 1991 oerrûn, de foarslach fan Tunno Schurer yn de PC-finale fan 1988 dy’t yn jûn waard en de ferwûndering fan Johannes Brandsma doe’t er dy dei gjin kening waard.
Fansels, hjoed de dei ha we tv-registraasje fan keatspartijen en kinne we partijen op in realistyske wize werom sjen. Mar sa frege ik my by it lêzen fan al dy prachtige ferslaggen ôf, is it net folle moaier om de ballen gewoan stuitsje te litten yn je eigen ferbylding...?

In tredde priis foar Coos Veltman mei Andre Tolsma en Piet Jetse Faber op de PC fan 1991. It is dúdlik oan Coos te sjen dat er noch altiten baalt as "in stekker".
Sjoch foar it ferslach fan de PC út 1991: http://tinyurl.com/8yg94d5
Sjoch foar de memorabele PC fan 1988 http://tinyurl.com/7ytav55





maandag 10 oktober 2011

Mantgumer peloteteam liet Winsum swemme

Yn de jierren tritich gie de ferneamde keatskening Klaas Kuiken fan St. Jabik troch de wike op it fytske nei de omlizzende doarpen en dage dêr ledekeatsers út om it mei syn trijen tsjin him allinnich op te nimmen. It gie dan meastentiids om fiif of tsien gûne. Kuiken liet de tsjinstanner dan de earste partij winne en pakte syn winst yn de twadde partij dêr’t de ynset dan steefêst it dûbele wie. It binne de moaie ferhalen út it ferline. Mar hoe sil der oer 50 jier praten wurde oer de weddenskip tusken it pelote-team fan Winsum en Mantgum? In bysûndere weddenskip út de simmer fan 2009...

Mantgum moast foar de pelotekompetysje noch ien wedstriid spylje en de tsjinstanner wie it sterke team fan Easterein. Foar Winsum wie it wichtich dat Mantgum wûn, dan wienen sij kampioen. Hja dagen it Mantgumer fiiftal út om harren best te dwaan tsjin de mannen út Easterein. It resultearre lang om let yn in weddenskip mei as ynset dat as de Mantgumers ferlearen sy yn de Boalserter feart swimme moasten fan Easterlittens nei Winsum. As de Mantgumers winne soenen dan moasten de Winsumers swimme fan Winsum nei Easterlittens. De pelotewedstriid fûn plak op in prachtige simmerjûn op it sportfjild yn Mantgum. De foartekens foar Mantgum wienen net sa best want twa spilers, Skelte Anema en Jehannes de Jong, wienen op fakânsje. Mar de ferfanging troch Bouwe de Bruin en Jan Heida koe besjen leie.
It pelote team fan Easterein hie trije selektearre spilers yn harren team en wie op foarhân sterk favoryt. Mar pelote is noch mear as keatsen in tûk spultsje en mei as grutte meastro Sjirk Gjalt de Groot gie it Mantgumer fiiftal fol fleur de striid oan. Mei Sjirk-Gjalt op trije en Wilco Fopma op fjouwer wie de ploech goed yn balâns. Beide mannen krigen in protte wurk te dwaan, mar lieten geweldich spel sjen. Mooglik hie Sjirk Gjalt in hekel oan swimmen, want hy sloech as yn syn jonge jierren. De iene nei de oare bal gie fleanend oer de boppe. Bouwe de Bruin liet sjen dat er in geweldige swipe yn de earm hie, troch de bal hast oer it perk hinne op te slaan. Tel der it degelike (tusken)spul fan Jan Heida en Jan-Geert Nutma by op en de winst fan 10-4 is ferklearre. In delegaasje fan it Winsumer pelote-team wie oanwêzich en waard nei ôfrin fuort en daliks útdage om mar efkes te oefenjen yn de Mantgumer feart.

Ik ha wolris tocht: “Soe it keatsen net wat oantrekliker en fanatiker spile wurde mei sokke (lúdike) weddenskippen?”. Tink ris yn wat in keatsstriid it wurde soe as Harns en Frjentsjer  elk jier tradisjoneel sa’n útdaging oangienen wêrby de ferliezer it hiele trajekt tusken beide stêden swimme moat. It trajekt fan de alvestêdetocht soe der in nije simmer attraksje by krije.

By de foto:
De Winsumer peloateploech dy't swimmend oankomt yn Easterlittens. Op de brêge in doek mei de tekst: "Finish, bedankt Pel. Winsum".

zondag 25 september 2011

WWW.KAATSHISTORIE.NL FOLDOCHT OAN BEHOEFTE

In keatswedstriid duorret meastentiids folle langer as de tiid dêr't dy yn ferspile wurdt. Freegje Gerrit Dijkstra nei syn PC finale út 1963 en hy kin in grut part fan dy partij no noch neifertelle. In oantal jierren lyn fertelle er my wêr’t it misgie: “We stienen 2-1 foar en doe hie Tjeerdema op 6-6 in bûtenslach”  en hoe’t de partij úteinlik ferlerne waard. Neffens de Ljouwerter Krante wie it in “tegenvallende finale” mei mar leafst 23 bûtenslaggen. (Dat koe doe dus ek!) Dat fan dy 23 bûtenslaggen ha ik net fan Dijkstra mar neipluze yn de Ljouwerter Krante. [ http://tinyurl.com/3myga6d ]
 

Keatse en neikeatse binne ûnlosmaaklik mei inoar ferbûn. De PC is dêrfan it summum. Hoefolle âld dielnimmers sitte net op de PC-tribune en fertelle nochris it ferhaal fan “en doe op dat momint…” It is in weromsjen op mominten dy’t in grutte yndruk neilitten ha. Om dy yndrukken, ferhalen en emoasjes wer in gesicht te jaan binne Keatsmuseum en Tresoar in gearwurking oangien om alle foto’s en films fan it keatsmuseum te scannen, te beskriuwen en op ynternet te pleatsen. It resultaat is te sjen op WWW.KAATSHISTORIE.NL
Noch lang net alle foto’s fan de KNKB binne digitalisearre mar dôchs wurdt kommend neijier al begûn mei in nij projekt. Dat binne de foto’s fan de CFK. In lyts priuwke dêrfan (sa’n 150 foto’s) is al beskikber, mar dat is fansels noch mar it begjin. In groep âld CFK’ers is dwaande om dit materiaal te beskriuwen en dêrnei mei assistinsje fan Tresoar te scannen en sichtber te meitsjen fia it ynternet.

Dat de webside foldocht oan in ferlet docht bliken út de besyksifers en de reaksjes dy’t ynstjoerd wurde. Yn de perioade fan augustus 2010 oant augustus 2011 waarden der troch de 84.497 besikers hast in miljoen (!!) foto’s besjoen.  Sokke grutte oantallen waarden absolút net ferwachte. En dan te witten dat men noch net iens op de helte is fan al it fotomateriaal dat noch leit te wachtsjen.  Want as de kolleksje fan it keatsmuseum klear is, wurdt der oerlis socht mei keatsferienings en partikuliere samlers om te sjen as hja ek bysûndere oanfollings ha.
En dan is it wurk noch lang net dien! Want wat soe it moai wêze as op termyn ek alle tûzenen keatslisten scand wurde en op WWW.KAATSHISTORIE.NL te besjen binne. Dan kin ek Rients Gratama  syn neiteam noch mei grutskens ferwize nei  de Freulelist fan 11 augustus 1948 dêr’t syn dielname op fêstlein is. En wat te sizzen  fan de prachtige foto fan “de mannen efter it stek”. Mei meiwurking fan Ate de Jong is syn prachtige ferhaal “De echten op it Bolwurk” pleatst by de foto. [ http://tinyurl.com/43xnhqc ]
We soenen it op priis stelle as it keatsfolk noch wat mear anekdoates en herinnerings ynstjoerde dy’t by it besjen fan de foto’s nei boppe komme.

Noch efkes oer de PC fan 1963. By in grut oantal foto’s en sa ek by dy fan de PC út 1963 wurde ferwizings makke nei de digitaal beskikbere Ljouwerter Krante. Dêrtroch kinne we lêze dat neffens PC foarsitter Mr. Klaas Bijlsma yn dat jier der ek in PC-besiker wie út de omkriten fan de poalsirkel.
[ http://tinyurl.com/3wpmeof  ] As soks wier is, witte wy fansels net.  Bijlsma makke it ferhaal wolris moaier en romantysker as dat it yn werklikheid wie. Mar dogge we dat net allegearre? En is soks ek net in bytsje de sjarme fan it (nei)keatsen?

zondag 18 september 2011

Lotsjen of sette?

 Op de Aldehoupartij waard hjoed yn myn omjouwing diskusjearre of der no wol of net setten wurdt by de gearstalling fan de listen. Fansels begjint sa’n diskusje altiten as men sels net gelokkich is mei de maten of mei de tsjinstanners. En as soks faak it gefal is, begjint men te tinken dat er opset yn it spul is. Immen bewearde dat der absolút “setten” wurdt, want hoe koe it oars dat Hendrik Tolsma wol trettjin kear Gert-Anne van der Bos as tsjinstanner hie.  San tinkwize kin fansels mei de selde arguminten fersmiten wurde, want in lottingsploech soe by bewust “setten” fan de dielnimmers wol útsjen dat se trettjin kear deselde partoeren oan inoar keppelje.

 Der waard, sa as dat meastentiids giet, dan ek frjemd yn om kletst sûnder dat men wit hoe’t it mei de lotting no offisjeel regele is. Ik ha doe’t ik thús kaam it wedstriidreglemint fan de KNKB der mar ris op nei sjoen.
Yn  haadstik V by artikel 8 stean in seistal bepalingen oer it lotsjen. Artikel 1 seit ûnder oare: “De loting geschiedt voor alle wedstrijden centraal op een door het hoofdbestuur te bepalen plaats en wijze. Het hoofdbestuur bepaalt voor welke wedstrijden de loting in het openbaar plaatsvindt en voor welke wedstrijden de vereniging zelf de loting verricht.” Artikel 5 jout in útsûndering: “Van de loting van de parturen mag slechts worden afgeweken op aanwijzing van de technische commissie.”
En yn artikel 6 stiet: “Een bij de loting aanwezige speler heeft het recht zijn eigen lot of dat van zijn partuur te trekken.”

Om oan alle ûndúdlikheid in ein te meitsjen soenen de keatsers fia de spilersrie in foarstel dwaan kinne dat der by elke lotting in spiler (of coach) oanwêzich is. De keatsers kinne ûnder inoar wol in list opstelle sa dat se by toerbeurt mar ien kear yn it seizoen nei it Bûnsburo moatte. Iepenbierens en transparânsje oer de gearstalling fan de wedstriidlisten liket my net allinnich in goeie mar ek in winsklike saak. Je foarkomme dêrmei in protte geklets yn ‘e romte.


Yllustraasje:
Lottingstrommel foar de militêre tsjintplicht (19de ieu)

donderdag 15 september 2011

Keatsen yn Roemenië


Understeande tekst soe brûkt wurde op de wedstriidlist fan de Lytse PC fan 2011. Mar om’t it fjild trochweakke wie fan de rein koe dy keatspartij net trochgean. Dêrom hjir de tekst...
Doe’t op snein 28 augustus op de Van Aismapartij de earste omloop ferspile waard, sieten wy yn it fleantúch rjochting Cluj Napoca yn Roemenië. Doe’t wy krekt nei de landing oan it ein fan de middei mei de smartphone wer ferbining krigen, koenen we lêze dat Jan Dirk de Groot de nije kening wie fan de Bitgumer sneinspartij.
In pear oeren letter learde it ynternet ús dat Jan Dirk syn omkesizzer Gjalt de Groot, yn Mantgum de earste priis wûn hie by de pupillen A.
[hjir op arfgyffoto]  Sa’n lytse 2000 kilometer fan hûs en doch binne jo à la minút op ‘e hichte fan it keatsnijs. Om’t ik wol wat ha mei boppesteande winners frege ik my yn it fiere Cluj ôf, hokker fan dy twa no it meast bliid (of grutsk) west hat mei dizze priis.
De oare deis nei in bakje kofje doch mar efkes sjen op www.kaatsen.nl. Benijd nei it frouljuskeatsen yn Ljouwert stie dêr in hiel stik oer in ferkearde beslissing fan de skiedsrjochter. Fansels moast hjir wiidweidich ferslach fan dien wurde, want min nijs is meastentiids goed nijs foar de behearder fan dizze side. Dan ha jo wat te skriuwen is ‘t net sa? Oer it keatsen sels allinnich de útslach.
Woansdei 31 augustus wienen wy op besite by in Brabander dy’t yn it Roemeenske Medias wennet. Hy fertelde dat er mei syn skûtelantenne ek Omrop Fryslân krije koe en sadwaande ek wol ris nei it keatsen sjoen hie. Mar net bekend mei it spultsje, sei it him net sa folle. Mar it iepene my wol de eagen hoe wichtich dat soks wêze kin foar Friezen yn ‘e frjemdte dy’t soks wol begripe. Dyselde jûns hienen we yn in restaurant wer ynternetberik en koenen we de lotting foar it kommende wykein besjen.
Tongersdei 1 septimber sieten we oan de kofje by ús Roemeenske freondinne en har âlders. Sij gie sneon trouwen en wy hienen tankber gebrûk makke fan de útnoeging om der by te wêzen. Yn 2004 wie se mei har heit ús gast op de PC yn Frjentsjer. Har ympresjes hat se letter ferwurde yn in artikel foar De Keatsfreon.
[Sjoch dêrfoar: http://tinyurl.com/45ylqxa ] Ik frege har wat se fan dy PC dei - no sân jier letter - noch ûnthâlden hie. Dat wie boppe-al de sfear. Se wie ûnder de yndruk rekke fan de stilte foar in wichtich momint en de konsintraasje fan de spilers. Mar ek de sportiviteit fan ferliezers dy’t de winners felisitearen. Foar har heit wie de PC it hichtepunt fan syn Hollânske fakânsje west. Apart fûn hy foaral dat der hast gjin polysje wie wylst der ek bûten it keatsterrein allegearre minsken sieten en stienen te bierdrinken.
As dit stikje publisearre wurdt, is ús Roemeenske freondinne trout en binne wy wer werom yn Mantgum. We ha dan gjin gedonder mear mei wol of net ynternetberik of skûteltv. Al dy media binne fansels prachtige helpmiddels, mar der giet neat boppe it sels meimeitsjen fan in keatspartij. Dêr kin gjin smartphone tsjin op. As taskôger en leafhawwer hoopje ik op goed en spektakulêr keatsen mei wat my oanbelanget in ferrassende winner. En as we der dan nei ôfrin in feest fan meitsje kinne dat fergelykber is mei in Roemeenske brulloft, dan is it wis dat de Lytse PC fan 2011 einiget mei in boppeslach!