zaterdag 31 december 2011

Ferbining tusken wurd en byld

Doe’t de keatsende toanielspiler Romke Toering yn ‘91 oan syn tachtichjierrige heit frege oft er nei it keatsen west hie, krige er as antwurd dat soks net mear hoegde want hy hie foar de radio sitten en “seach de ballen gewoan stuitsjen”. Ik ha de leste pear dagen faak oan dy útspraak fan Jaap Toering tocht. 

Dat hie yn myn gefal neat te krijen mei lûdsrapportaazjes mar mei it lêzen fan kranteferslaggen oer keatspartijen. In goed skreaun ferslach of ferhaal jout romte oan de ferbylding, skinkt machtige fiergesichten. Yn guon kranteferslaggen oer keatspartijen sjogge je Hotze Schuil mei it fingerke omheech nei de tsjinstanner wizen en hearre it hege nasale lûd fan Flip Soolsma. In prachtige skildering fan de aparte oanrin fan Ruurdt Rutten of Hendrik Sweering. Jurjen Dijkstra dy’t syn bûsdoek mar wer ris út de kontbûse hellet en Johan Halbesma dy’t mei “wa’t suust dou je” in boppeslach begeliedet. It binne bylden dy’t fêstlizze op de hurde skiif fan myn keatsgeheugen. Mar soms moatte dy bylden blykber wer ta libben brocht wurde.
Doe’t ik yn de ôfrûne wike foar de webside www.kaatshistorie.nl links oanbrocht tusken foto’s fan de PC en de ferslaggen yn de Ljouwerter Krante kaam dy ferbylding wer oan ‘e macht. Ik belibbe op ‘e nij de machteleazens fan Koos Veltman doe’t er mei in folle telegraaf op de PC fan 1991 oerrûn, de foarslach fan Tunno Schurer yn de PC-finale fan 1988 dy’t yn jûn waard en de ferwûndering fan Johannes Brandsma doe’t er dy dei gjin kening waard.
Fansels, hjoed de dei ha we tv-registraasje fan keatspartijen en kinne we partijen op in realistyske wize werom sjen. Mar sa frege ik my by it lêzen fan al dy prachtige ferslaggen ôf, is it net folle moaier om de ballen gewoan stuitsje te litten yn je eigen ferbylding...?

In tredde priis foar Coos Veltman mei Andre Tolsma en Piet Jetse Faber op de PC fan 1991. It is dúdlik oan Coos te sjen dat er noch altiten baalt as "in stekker".
Sjoch foar it ferslach fan de PC út 1991: http://tinyurl.com/8yg94d5
Sjoch foar de memorabele PC fan 1988 http://tinyurl.com/7ytav55